Net mei de stille trom

“In briedplak foar liturgyske ynspiraasje?” Under dy kop stjoerde Hindrik van der Meer op 5 jannewaris 2005 in brief de wrâld yn. Yn dy brief merkt er op dat de belangstelling foar de earetsjinst ek yn Fryslân ôfnimt, mar dat der tagelyk wol in soad belangstelling bestiet foar téology. Hindrik frege him dêrom ôf oft der yn de tsjerken net ferlet wêze soe fan nije, oars formulearre en frysktalige liturgy. Wat dat oanbelanget hie er al ûnderfining opdien mei teksten fan Eppie Dam. Tegearre makken hja al sûnt 1993 hollânsktalige lieten foar lânlike byienkomsten yn Amersfoort (Unie voor Christelijk onderwijs). Sadwaande klonken lieten as “Eén zwaluw maakt zomer” yn it hiele lân, sawol yn tsjerken as yn skoallen. Ek yn it Jaarbeursgebouw yn Utrecht op de lânlike diakonale dagen klonken harren lieten. Sa namen de diakenen bygelyks it liet “Vijf broden en twee vissen, de oogst is mondjesmaat,” mei nei hûs. Soe der, sa tocht Van der Meer, yn Fryslân net in soarte fan briedplak komme kinne foar nij en ynspirearjend frysktalich materiaal? Om dêr út wei it wurk fan Fryske dichters en komponisten bekend te meitsjen? Syn brief wie dan ek in oprop oan sjongers om in fêst koar te foarmjen dat ek yn lytsere groepkes – in kwartet soe al kinne – meiwurkje koe oan Frysktalige tsjerketsjinsten. Dy oprop sloech tige oan en sa ûntstie it Kwartettekoar op in sneintemiddei by de famylje Van der Meer thús. Sûnt dy tiid – it koar hat no hast hûndert leden – is der oan withoefolle tsjerketsjinsten meiwurke. It koar wie dan ûnderweis mei ien fan de fiif liturgyën fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer. Foarbylden binne “De keunst fan it libben” en “Minsken fan’e dei”. Harren liturgyën waarden ek troch tsjerkekoaren op it rippertwaar nommen. De measte lieten fan it Kwartettekoar binne fan boppeneamd koppel, mar ek lieten fan oare tekstdichters en komponisten waarden yntrodusearre. Ek twa musicals “Jona” en “Ruth” waarden útfierd op teksten fan Folkert Verbeek en muzyk fan Van der Meer. Hindrik van der Meer (1938) hinget de liere net oan de wylgen, mar fynt wol dat er sa njonkelytsen in stapke tebek dwaan moat. It bestjoer fan it Kwartettekoar kaam lykwols op it idee Hindrik net mei de stille trom gean te litten. Hja stelden him noch in soarte fan ôfskiedstoernee foar nei al dy tsjerken dy’t de ôfrûne jierren besite hân ha fan it Kwartettekoar. De tsjerken koene har oanmelde en de teller stiet op goed fjirtich. De kommende “toernee” is tagelyk in appel oan tsjerklik Fryslân om de rykdom fan meartaligens te fieren op de sneintemoarn. Ek yn jimme gemeente komme de sjongers en de muzikanten. Fan septimber 2018 ôf is it Kwartettekoar twa kear yn’e moanne sneintemoarns op ’en paad. Yn de gruttere tsjerken mei it hiele koar, yn de lytsere mei lytse delegaasjes. Der binne twa tema’s foar de sjongtsjinsten en it tema dat brûkt wurd foar de sneinstsjinst yn Easthim is: “ Hertslach – Lieten om it út te sjongen.” Der sit in liturgyske opbou yn de sjongtsjinsten sûnder dûmny. De preek sit yn de lieten. Ek wurd oandacht jûn oan lieten út Taizé en Iona, bernelieten wurde songen en lieten út Hertslach. De begelieding wurdt fersoarge troch de muzikanten fan it Kwartettekoar. Hindrik hat de algehiele lieding. Fanwege dit ôfskie hat it bestjoer fan it Kwartettekoar Hindrik in lietenbondel kado dien: “Hertslach.” Nog nea is d’r in sammling lieten útjûn fan Hindrik syn 40 jier musikale rippertwaar. D’r steane rom 170 nije fryske lieten yn wèrfan it grutste part fan Hindrik binne. Fansels steane d’r ek bernelieten yn. Fierders is de bondel oanfult mei lieten fan componisten lykas Jan de Jong en Gerben van der Veen. Fan in tal Fryske dichters lykas Eppie Dam en Margriet Poortstra, binne de teksten brûkt foar de nije lieten.

De ôfskietsjinst yn Easthim is de tredde keer dat de nije lietenbondel Hertslach brûkt wurde sil. “Lit dyn eigen taal net swije, eltse taal kin sprekken lije!” is it motto fan Hindrik. Op in boartlike wize sil it Kwartettekoar op sneintemoarn 17 febrewaris yn de Johannestsjerke jimme yn’e kunde bringe mei Hertslach. Nije teksten en nije lieten en dus orizjineel Frysk materiaal om ús tsjerketsjinsten te fieren.

Uw email adres zal niet worden getoond. Verplichte velden zijn aangegeven met *

*